Toanielferiening It Nije Doarp út Mûnein spilet alle jierren in jûnfoljend toanielstik yn it Frysk.
De ferljochting dy’t wy brûke is ferâldere, lykas it lûdsysteem. Wy kinne dêrom wol wat ekstra’s brûke. De kosten stijge spitergenôch elts jier. De ferljochting moat led wurde, om duorsume ferljochting te hawwen, dy’t wer in protte jierren mei kin. Dêrneist moat elts jier it dekôr in update ha. Mar soms binne der nije dekôrdielen noadich. Dat kostet ek in soad jild. Om alles wer up to date te krijen binne wy dêrom hiel bliid mei eltse bydrage dy’t wy krije. Dêrom no alfêst tige tank!