Kristlike Sjongferiening Halleluja út Bitgummole is in mingd koar. It is oprjochte op 12 augustus 1893 en de feriening bestie yn 2023 130 jier. It koar hat op it heden 43 leden. De leden komme út Berltsum, Bitgum, Bitgummole, Ingelum, Minnertsgea, Sint Anne, Stiens, Marrum, Frentsjer, Menaam en Dronryp.
De repetysjes fan it koar binne op woansdeitejûn fan 19.30 oant 21.30 oere yn'e Molewjuk yn Bitgummole. Ús dirigent is Feike van Tuinen.
It is altyd nijsgjirrich as der wer nije lieten sjonge wurde kinne. Wy wolle dan ek graach it bedrach fan'e RABO Clubsupport aksje besteegje oan nije muzykstikken.