Wy binne in toanielselskip dy’t jierliks in útfiering foar har stipers en oare belangstellenden opfiert.
Dar dogge wy yn it Frysk.
Us selskip is oprjochte yn 1902. Wy bestean dus hast 125 jier.
Yn dat jier wolle wy der in wat grutter spektakel fan meitsje.
De tariedings derfoar binne al begûn.
Om de jeugd enthûsjast te meitsjen foar it toanielspul hawwe wy kontakt mei it jeugdhonk socht.
Wy wolle middels inkele workshops ûnder leiding fan in professional de bern meinimme yn hoe aardich it wêze kin om ris oan toaniel te dwaan.
Derfoar moatte wy kosten meitsje. In stipe ut it klubsupport is dan ek tege wolkom.