Kristlike Sjongferiening Halleluja út Bitgummole is in mingd koar. It is oprjochte op 12 augustus 1893 en de feriening bestie yn 2023 130 jier. It koar hat op it heden (juny 2026) 42 leden.
De repetysjes fan it koar binne op woansdeitejûn fan 19.30 oant 21.30 oere (en dêrnei is der foar de leafhawwers in tredde helte).
Der bestiet ek in blog fan it koar: hallelujabitgummole.blogspot.com Dêr fine jo in soad ynformaasje en foto’s fan it koar.
Wy wolle graach nije lieten oanskaffe sadat wy yn'e tsjerketsjinsten en yn konserten wer in nij lûd hearre litte kinne. Dat hâldt ús skerp by de repetysjes en is foar de besikers tige aardich.
Wy wolle dan ek graach it bedrach fan'e RABO Clubsupport aksje besteegje oan nije muzykstikken.