De toanielferiening út Hallum bestiet út in tsiental leden en bringt alle jierren in Frysk toanielstik op de planken. Mei de útfieringen draacht de feriening by oan it behâld en de promoasje fan de Fryske taal en kultuer. En spilet de feriening in wichtige rol yn it kulturele en sosjale libben fan Hallum.
De bydrage fan Rabo CLubsupport sil brûkt wurde foar it organisearjen fan de toanielutfieringen yn maart 2027 troch Toanielferiening "Foar ús Wille" Hallum. Foar it kommende toanielseizoen sil de feriening in nij toanielstik opfiere dat spesjaal foar ús út it Nederlânsk oerset wurdt nei it Frysk. Dizze oersetting en bewurking bringt ekstra kosten mei him mei. Dêrneist wurdt de bydrage brûkt foar kosten lykas dekôr, kostúms, ljocht & lûd en promoasje.