Us toanielferiening bringt minsken byinoar mei in passy foar teater en kultuer. Mei in groep entûsjaste doarpsgenoaten, regisseur en frijwilligers meitsje wy alle jierren foarstellingen foar jong en âld. Neist it bringen fan fermaak wolle wy ek bydrage oan de kulturele en sosjale ferbining yn ús mienskip. Troch mei-inoar te repetearjen, jong en âlt, te learen en op it poadium te stean, krije leden de kâns om har kreativiteit en talinten fierder te ûntwikkeljen.
Mei ús dielname oan Rabo ClubSupport wolle wy ekstra finansjele middels ynsammelje om ús teaterproduksjes nei in heger nivo te tillen. De bydrage helpt ús by de kosten foar dekôr, kostúms, grime, technyk en oare produksjebenodigdheden. Dêrneist fine wy it wichtich om kultuer en teater tagonklik te hâlden foar elkenien yn ús mienskip. Op dizze manier kinne wy trochgean mei it meitsjen fan kwalitatyf goede foarstellingen.