De stichting hat as doel it behâlden, fersterkjen en útwreidzjen fan de tradysjes, skiednis en sichtberens fan de hillige Sint Nikolaas yn it doarp Sint Nyk, en dêrmei by te dragen oan it behâld fan dit wichtige kulturele erfgoed. Ek set de stichting him yn foar alles wat dêrmei ferbûn is of dat dêr oan bydrage kin.
Mei Stichting Sint Yn Sint Nyk organisearje wy yn de oankommende sinterklaasperioade in fernijende en ynteraktive lêzing oer de skiednis fan de hillige Sint Nikolaas. It belooft in ynspirearjend ferhaal te wurden foar jong en âld, dat minsken meinimt yn de oarsprong fan ús patroanhillige. Sa bringe wy it ferline ta libben en fersterkje wy de ferbining mei ús kultureel erfgoed yn Sint Nyk.